Informatics Educational Institutions & Programs
Ynhâld
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | Bogota | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | Kolombiaanske peso (COP) | ||||
Tiidsône | UTC -5 | ||||
Nasjonale feestdei | 20 july | ||||
Lânkoade | COL | ||||
Ynternet | .co | ||||
Tillefoan | 57 |
Republyk Kolombia is in lân yn it noardwesten fan Súd-Amearika. De haadstêd is Bogota.
Geografy
Lizzing
It lân wurdt begrinze troch de lannen:
- Panama en de Karibyske See yn it noarden,
- Fenezuela en Brazylje yn it easten,
- Ekwador en Perû yn it suden,
- de Grutte Oseaan yn it westen.
Plakken
De haadstêd en grutste stêd fan it lân is Bogotá. Oare grutte plakken binne: Medellín, Cali, Barranquilla en Cartagena.
Rivieren
Kolombia hat in soad rivieren; it grutstepart rint yn en nei it easten. De wichtichste rivieren yn it noarden binne de Meta, de Vichada en de Gûaviare (allegear yn it streambekken fan de Orinoko). Yn it westen fan it lân streamt de Magdalena, troch de dellings fan de Andes en de Kauka.
Lânskip
Kolombia falt rûchwei yn seis geografyske gebieten útien:
- De noardlike útrinners fan de Andes yn it westen fan it lân, dêr't it meastepart fan de grutte stêden lizze, lykas de miljoenstêden Bogotá, Medellín en Cali.
- In eastlike leechflakte oant de Karibyske See, dêr't ek inkele wichtige befolkingsintra binne, lykas Cartagena en Barranquilla.
- De Pasifyske kust
- De flakten (llanos) fan de Orinoco.
- It oerwâld yn it uterste súdeasten dat 54 % fan it Kolombiaanske oerflakte beslacht en benammen út reinwâld bestiet en by it Amazônegebiet heart.
- Stikmannich eilannen yn de Karibyske See en yn de Grutte Oseaan.
Klimaat
It klimaat is sawat oeral tropysk sûnder grutte skommelings yn temperatuer.
Skiednis
Yn it prekolumbiaanske tiidrek waard it gebiet bewenne troch ynhiemske yndiaanske folken, dêr't guon fan in heech beskavingsnivo berikten. De âldste minsklike resten dy't fûn binne geane tebek nei likernôch 16.400 jier lyn. Nei de ûntdekking fan Amearika yn 1499 troch de Jeropeanen waard Kolombia healwei de 16e iuw troch de Spanjerts ferovere en kolonisearre. Selsstannigens fan Spanje folge yn 1819 en it lân krige yn 1886 har earste grûnwet.
It tsjintwurdige Kolombia bestiet sûnt 1928. Nei 1948 barden der in rige militêre kûps, folge troch de diktatuer fan Rojas Pinilla (1953-1957). Nei syn fal hawwe liberalen en konservativen it saneamde "Front fan Nasjonale Herfoarming" foarme en om bar regeard. Yn 1974 wiene de earste frije presidintsferkiezings.
Demografy
Befolking
It grutste part fan de befolking wennet yn it Andesgebiet en it Karibyske kustgebiet. Sa'n 49% fan de Kolombianen wennet yn stêden. Inkeld in lyts persintaazje fan de befolking is fan ynhiemske yndiaanske komôf. Likernôch de helte bestiet út mestizen, 43% is blank en 13% is fan Afrikaanske komôf.
Taal
It meastepart fan de befolking sprekt Spaansk dat ek de offisjele taal fan it lân is, yn it kustgebiet Karibysk Spaansk.
Religy
It meastepart fan de Kolombianen is Roomsk-katolyk, wylst de yndiaanske stammen yn de reinwâlden meast oanhingers fan natoergodstsjinten binne.