Histopathology image classification: Highlighting the gap between manual analysis and AI automation
Ynhâld
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 oktober | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
<< | Oktober | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | |
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 |
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
28 | 29 | 30 | 31 | |||
2024 |
17 oktober is de 290e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 291e). Der folgje noch 75 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 732 - Slach by Poitiers; Karel Martel ferslaat it islamitysk leger ûnder Abd-el-Rahmân.
- 1797 - Mei it sluten fan it Ferdrach fan Campio Formio wurdt de Republyk Feneesje, dy't dit jier persiis 1.100 jier bestiet, opheft en ferdield ûnder de Earste Frânske Republyk, de Sisalpynske Republyk (in Frânske fazalsteat) en it Aartshartochdom Eastenryk.
- 1933 - De Dútske natuerkundige Albert Einstein fêstiget him yn de Feriene Steaten, op de flecht foar it Dútske nazisme.
- 1951 - Feedokter Sjirk Frânses van der Burg stiet foar it kantongerjocht yn it Hearrenfean en winsket Frysk te praten. De oanlieding ta Kneppelfreed.
- 1957 - De dyk tusken it eilân Marken en de fêstewâl wurdt sletten.
- 1979 - Mem Teresa kriget de Nobelpriis foar de Frede
Berne
- 1626 - Willem van Haren, Frysk politikus en diplomaat († 1708)
- 1666 - Elizabeth Huber-De Hertoghe, Frysk regintefrou († 1751)
- 1754 - Hyltsje Hepkes van der Zee, Frysk politikus († 1827)
- 1770 - Bernhardus Buma, Frysk abbekaat en politikus († 1838)
- 1788 - Arent van Halmael, Nederlânsk jurist en toanielskriuwer († 1850)
- 1811 - Albertus van Raalte, Nederlânsk-Amerikaansk predikant († 1876)
- 1813 - Georg Büchner, Dútsk skriuwer († 1837)
- 1837 - Johan Æmilius Abraham van Panhuys, Nederlânsk politikus († 1907)
- 1898 - Simon Vestdijk, Nederlânsk skriuwer († 1971)
- 1915 - Arthur Miller, Amerikaansk toanielskriuwer († 2005)
- 1918 - Rita Hayworth, Amerikaansk aktrise († 1987)
- 1930 - Fred van der Vlugt, Nederlânsk sjoernalist († 2002)
- 1946 - Piet van der Wal, Frysk aksjefierder, gemeentepolitikus en dosint († 2019)
- 1950 - Sandra Reemer, Nederlânsk sjongster en presintatrise. († 2017)
- 1951 - Annie Borckink, Nederlânsk reedrydster
- 1953 - Gerlof Hamersma, Frysk keunstner
- 1979 - Kimi Räikkönen, Finsk autokoereur
- 1990 - Moriah Mills, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 456 - keizer Avitus fan it Westromeinske Ryk (* ±395)
- 1312 - hartoch Jan II fan Brabân (* 1275)
- 1346 - Neil fan Bruce, bastertsoan fan 'e Skotske kening Robert I (* foàr ein febrewaris 1330)
- 1439 - Albrecht II, Roomsk-kening fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Hongarije (* 1397)
- 1849 - Frédéric Chopin, Poalsk-Frânsk komponist (* 1810)
- 1973 - Pedro Bissonette, Amerikaansk minskerjochte-aktivist (* 1944)
- 1976 - Douwe Mattheus Hoogeveen, Frysk klassikus en keunstskilder (* 1891)
- 1988 - Anthony A. Hoekema, Frysk heechlearaar Systematyske teology (* 1913)
- 1991 - Tennessee Ernie Ford, Amerikaansk sjonger en akteur (* 1919)
- 2011 - Savannah Gold, Ingelsk pornoaktrise (* 1984)
- 2012 - Sylvia Kristel, Nederlânsk aktrise (* 1952)
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 oktober | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|