FAIR and interactive data graphics from a scientific knowledge graph

Animaasje fan in kwelder by leechtij, ebbe, floed en springtij
Kwelder yn de Waadsee, noardlik fan Warffum
Pauguozzen yn de kwelder

In kwelder (ek: skoar, keech of foarlân of bûtendyks, de ferskate nammen binne regionaal) is in begroeide bûtendykse lânoanwaaks dy't by in gemiddeld heechwetter net mear ûnderrint. Allinnich by tige hege wetterstannen komt in kwelder blank te stean. De term wurdt ek wol brûkt foar in ûnbedike oanslibbe klaaibank.

By it ûnderrinnen fan in slyk by floed, bliuwt der alle kearen as it wetter weirint wat nije modder lizzen. Hjirtroch ûntstiet de kwelder, dy't stadichoan drûger wurdt. De leechste stikken fan de kwelder wurde foarme troch geulen, slinken en kreken. De kwelderwâl is in heger lizzend stik fan de kwelder, dêr't by oerstreamings faak grouwer materiaal ôfsetten waard. In goed foarbyld hjirfan binne de kwelderwâlen fan de âlde Middelsee. De kwelderwâlen binne goed te werkenen meidat hjirop doarpen ûntstienen. Bygelyks de gurle fan doarpen Hijum, Hallum, Marrum, Ferwert, Blije en Holwert. De kwelderwâlen wurde fierder skaaimerke troch ikkerbou omdat de grûn lichter (sâniger) is as de oare kweldergrûnen.

Ekologysk belang

Kwelders binne in wichtich fiedsel-, rêst- en briedterreinen fan in protte soarten waad- en seefûgels. Ek in soad fisk paait oan de rânen fan de kwelders. De sâltwettermoerassen binne in kreamkeamer foar in soad fisk. Op de heger lizzende stikken dy't noch komselden ûnder wetter steane libje yn it supralittoraal twa foar dit biotoop tige karakteristike slakkesoarten: it mûze-earke en gray's kustslak. Se hawwe leavver fochtige klaaiboaiems mei algengroei en in fegetaasje fan bygelyks hongerskraal, benammen op ouwerwâllen lâns slinken. Beide soarten libbje dan wol op it lân mar hawwe seewetter foar harren fuortplanting nedich omdat dêr de aaien yn lein wurde. Hjirfoar is lykwols in plaske fan inkele sintimeters djip al genôch. Yn legere stikken dy't by floed wol ûnderrrinne binne yn de klaïge stikken fan de slinken de Brakwetterkokkel en de platte slykgapper te finen wyslst yn noch legere dielen mei ûnrêstiger wetter dêr it nontsjje, de kokkel en de teare dúnskeal by komme.

Typsyske kwelderplanten binne kwelderkrûd, skieppe-ear, slykgers, kweldergers, sâlte rusk, swinkgers, sultsje, skoarkrûd, strânfiter en sudden.

Wetterkundich belang

As wetter oer kwelders streamt eardat it by in dyk oankomt, ferliest it ûnderweis in soad fan syn krêft. Dêrom is om 2004 yn Ingelân in dyk net ferhege mar trochstutsen wêrtroch't de kreken en kwelders har werstelle koenen. Hjir moast keazen wurde tysken miljoenen pûnen útjaan foar fersterking fan de dyk, of in beperkte hoemannichte lânweromjaan oan de natoer.

Sjoch ek