FAIR and interactive data graphics from a scientific knowledge graph

In breidsskat of breidsjefte is it oerdragen fan besittings fan 'e âldelju fan 'e breid oan 'e brêgeman ta gelegenheid fan it sluten fan it houlik. Foarhinne bestie soks yn 'e regel út in útset en in bedrach oan jild. Yn aadlike fermiddens koe it ek om titels en/of lânerijen gean. De hichte fan in breidsskat waard fêststeld troch de beide belutsen famyljes.

Tsjintwurdich bestiet it gebrûk fan it meijaan fan in breidsskat yn 'e Westerske wrâld eins net mear. Yn oare dielen fan 'e wrâld is it lykwols noch altyd aktueel. Hjirby kin in man dy't in hegere oplieding folge hat, ek in navenant hegere breidsskat easkje fan syn skoanfamylje. Om't guon famyljes, dy't in protte dochters hawwe, har op dy manear djip yn 'e skulden stekke moatte om alle fammen trouwe te litten, is dizze tradysje yn beskate lannen (wêrûnder Yndia en Pakistan) by wet ferbean. It hat lykwols bliken dien dat dizze praktyk dreech út te rûgjen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.