FAIR and interactive data graphics from a scientific knowledge graph
Ynhâld
| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Porto-Novo | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
112.620 km² 1,8% | ||||
Ynwenners (2009) | 8.791.832 | ||||
Munt | CFA-frank (XOF) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 augustus | ||||
Lânkoade | BEN | ||||
Ynternet | .bj | ||||
Tillefoan | 229 |
Benyn is in lân yn Afrika. Oant 1975 wie it lân bekend ûnder de namme Dahomey. Benyn waard op 1 augustus 1960 selsstannich fan Frankryk.
Geografy
Lizzing
It lân wurdt begrinzge troch:
- Togo yn it westen ,
- Boerkina Faso yn it noardwesten,
- Niger yn it noardeasten,
- Nigearia yn it easten
- Baai fan Benyn yn suden de, wat in part is fan de Golf fan Guinee.
Lânskip
It lânskip fan Benyn bestiet oan de kust fan de Golf fan Guinee út in fochtich-hite sompeflakte efter de lagunes. Nei it noarden rint it lân stadich omheech en giet oer yn in heechflakte mei in foar de lânbou fruchtbere boaiem. Yn it westen daalt it lân stadich ôf nei it Niger-bekken.
Troch it lân streame ferskate rivieren ûnder oare de Kouffou en de Mono, de Zou dy't troch de stêd Porto-Novo streamt, de Okpara dy in part fan de grins mei Nigeria foarmt en de Niger dy't de grins mei de republyk Niger foarmet.
Skiednis
Under de namme Dahomey ûntstie yn it begjin fan de 17e iuw in keninkryk. Dat keninkryk wie oant de twadde helte fan de 19e iuw ien fan de wichtichste sintra fan de slavehannel. Yn 1894 waard it in Frânske koloanje dat yn 1899 by Frânsk West-Afrika foege waard.
Yn 1960 waard Dahomey ûnôfhinklik fan Frankryk. Dêrnei folge ferskate militêre steatsgrepen. Yn 1970 waard, om de nasjonale ienheid te bewarjen, in trijehaaddich presidintskip ynsteld, dat lykwols al yn 1972 wer omfier wurpen waard troch majoar M. Kerekou. Dizze proklameare yn 1975 Dahomey ta in folksrepublyk ûnder de namme Benin.
Ein jierren '80 naam Kerekou ôfstân fan de marksistyske ideology en besliste dat der op 'e nij in demokrasy ta stân komme moast. Hy ferlear yn 1991 de presidintsferkyzings en stapte frijwillich op.
Demografy
Befolking
It grutste part fan de befolking wennet op de súdlike kustflakten dêr't ek de grutste stêden lizze.
Yn Benin libje wol fjirtich ferskillende etnyske kloften wêrfan 49% ta it Fon folk heart en foarmje de grutste kloft. Oare etnyske kloften binne û.o. de Adja, de Yoruba, de Ottamary (of Somba) en de Bariba.
Taal
Meast fan dizze kloften hawwe in eigen taal. De offisjele taal fan it lân is lykwols Frânsk dat fral yn de grutte stêden praat wurdt. Njonken it Frânsk is it Fon en it Yoruba de meast sprutsen talen.
Religy
It kristendom is mei 42,8% de grutste religy yn Benin wêrfan de measten katolyk binne, 24,4 % fan de befolking is moslim. It lân is sûnt de oprjochting lid fan Organisaasje fan de Islamityske Konferinsje (OIK). Yn it suden fan it lân wenje in protte dy't voodoo oanhingje (17,3 % fan de befolking).
De lokale brûkmen en tradysjes binne faak mei it kristendom of de islam ferweven. De python wurdt er as in hillich dier beskôge, dêr't in soad timpels oan wijd binne. It oanreitsje fan de slang soe gelok bring. De bekendste pythontimpel stiet yn Ouidah, ter eare fan de slangegod Dangbé.