Effects of the storage conditions on the stability of natural and synthetic cannabis in biological matrices for forensic toxicology analysis: An update from the literature
Ynhâld
Mildaam | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 680 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,32 km², wêrfan - lân: 2,27 km² - wetter 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 301 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' N 6° 0' E | |
Offisjele webside | ||
webstee fan Mildaam | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Mildaam (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean |
Mildaam is in doarp yn 'e gemeente It Hearrenfean. It doarp leit east fan It Hearrenfean yn in boskrike omjouwing en oan de noardside fan de rivier de Tsjonger.
Skiednis
Mildaam is iuwen âld en leit op in sânrich. Der hawwe yn it fiere ferline grif al minsken wenne, mar yn alle gefallen wurdt it doarp Mildaam al yn 1408 yn in skriftlike boarne neamd, it jier dat der 50 "âlde skylden" betelle wurde oan 'e biskop fan Utert.. Oare nammen fan Mildaam binne Meyledam (1523), Milendam (2e helte 16e iuw) en Miledam (1579).
It doarp lei oan de ferbiningswei tusken de hege sângrûnen fan Drinte en Gaasterlân. Oan 'e súdkant rint de Tsjonger en yn it gebiet wie lang turfgraverij. Lang hat it doarp in sintrum west foar de agraryske omkriten en hie sels sûnt 1682 in jiermerk hie. Yn 'e 19e iuw hie Mildaam sels twa jiermerken, mar yn 1952 binne de jiermerken ôfskaft.
Mildaam hat in skoftke in aparte gemeente west. Yn de Frânske tiid foarme it in aparte "kommune", tinklik tegearre mei Brongergea en Nij-Brongergea. Dêrfoar en dêrnij wie it part fan de eardere gritenij en letter gemeente Skoatterlân, oant yn 1934 de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard.
Mildaam hie al winterûnderwiis sûnt de 17e iuw. De skoalmasters fan it doarp wienen foarútstribjend. Sa die skoalhaad J.Kramer om 1902 hinne al proeven mei keunstdong. Hy helle gaskalk, in ôffalprodukt fan it gasfabryk en liet dat oer de lannen bringe. It lân brocht sa wol mear op, mar it stjonkte omraken.
Yn 1900 wienen der 120 huzen en feroare dêrnei sterk. Der kaam in molkfabryk en in wenningbouferiening.
Mienskip
Mildaam hat sûnt 1904 in pleatslik belang. De doarpskrante Mildamster Brêge ferskynt fjouwerris yn 't jier. De tradisjonele skelnamme foar Mildamers is molkenbakken of molkenbaksters, ek blêdefeijers. Mildamers stiene yn 'e kontrijen bekend om harren wite hier.[2][3]
Tsjerke
- Protestantske gemeente "De Tjongervallei" (Ketlik-Mildaam-Nijhoarne-Aldhoarne-Bontebok)
Mildaam hat meardere tsjerken hân, mar sûnt 10 septimber 2023 is de lêste tsjerke bûten gebrûk steld. De fermanje fan Mildaam bestie fan 1610 oant 1806. De herfoarme tsjerke waard yn 1964 sletten en is no yn hannen fan 'e stifting It Alde Tsjerkje Mildaem. Yn 2000 waard de lytse grifformeard-frijmakke tsjerke oan 'e Skoatterlânskewei 89 opheft en ferkocht. As lêste tsjerke bleau de eardere grifformearde Tsjongertsjerke oant 10 septimber 2023 tsjinst dwaan as ien fan 'e twa tsjerken fan 'e PKN-gemeente Ketlik-Mildaam. Troch in fúzje mei de PKN Aldhoarne-Nijhoarne waard ek dy tsjerke oerstallich en sûnt hat Mildaan gjin eigen tsjerkegebou mear.
Skoalle
De Lytse Kompanjon is it pjutteboartersplak.
Ferienings
|
(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2005 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 297 | 491 | 481 | 539 | 611 | 724 | 741 | 730 | 708 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||||
Ynwenners | 680 | 670 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne
- Marten Zwaagstra (1895-1988), arsjitekt
Eveneminten
- Simmerfeest Ketlik-Mildaam (juny)
Ferskaat
- Op 18 novimber 2009 is de Eijsboutsklok fan Nijskoat yn de klokkestoel fan Mildaam ophongen.
- It is ek it doarp dêr't oan de Yntzeleane oan de Eko-katedraal fan Louis G. le Roy boud wurdt.
- De Tsjongermûne is in yn 1983 werboude muonts.
Publikaasje(s)
Wurkgroep Ald Mildaam: "Tusken wâld en wetter" Schetsen uit de historie van Mildam en Brongerga
Strjitten
De strjitten fan Mildaam mei ferklearring fan de nammen.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|