Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
In ûnderofsier of ûnderoffisier is in militêr ofsier dy't ta de leechste kategory fan ofsiersrangen heart. Boppe de ûnderofsieren stiet de kategory fan 'e subalterne ofsieren, wylst ûnder de ûnderofsieren de manskippen steane. De ûnderofsieren wurde yn 'e regel net ta de 'gewoane' ofsieren rekkene, mar as in slach apart beskôge. Dat komt fuort út 'e histoaryske sitewaasje dat 'echte' ofsieren út 'e maatskiplike hegerein bestiene en harren oanstelling yn it leger kochten, wylst ûnderofsieren sljochtwei lju wiene dy't as gewoan soldaat begûn wiene en troch harren fertsjinsten opklommen wiene. Tsjintwurdich wurdt foar 'ûnderofsier' ek wol de Ingelske term non-commissioned officer brûkt (letterlik: "ofsier sûnder [kochte] oanstelling"), dat ôfkoarte wurdt ta NCO (útspr.: ['ensi:joʊ], likernôch "ensii-oo") of non-com.
Ta de ûnderofsieren hearre de folgjende rangen:
1) by de artillery en de kavalery
De rang fan korporaal is formeel gjin ûnderofsiersrang, mar hinget wat tusken de ûnderofsieren en de gewoane manskippen yn. Yn it spraakgebrûk wurde korporaals lykwols gauris ta de ûnderofsieren rekkene:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
korporaal 1e klasse | korporaal | korporaal 1e klasse |
korporaal | korporaal |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |