Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Twongen prostitúsje, ek wol ûnfrijwillige prostitúsje neamd, is it ûnder twang hawwen fan geslachtsferkear mei immen dy't dêrfoar betellet. Mei dit soarte fan prostitúsje, dy't ôftwongen wurdt troch in trêde partij, giet faak in foarm fan finzenskip mank, wylst it jild dat dermei fertsjinne wurdt yn 'e regel ek grutdiels of sels hielendal yn 'e bûsen fan dy trêde partij ferdwynt. Frijwol alle foarmen fan twongen prostitúsje binne sadwaande te beflappen ûnder it begryp seksuële slavernij. In goed en ek frij bekend foarbyld fan ynstitúsjonalisearre twongen prostitúsje binne de saneamde "treastfamkes", Westerske en lânseigen jongfammen út East- en Súdeast-Aazje, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch twongen waarden en tsjinje as prostituees de soldaten fan it Japanske besettingsleger.
Mar twongen prostitúsje komt ek hjoed de dei noch in protte foar, ek yn Nederlân, wêrby't it faak mank giet mei frouljushannel. Sûnt de fal fan it Izerne Gerdyn wurde allegeduerigen froulju út East-Jeropa mei moaie ûnthjitten nei West-Jeropa ta lokke troch kriminelen dy't gjin skrupules hawwe. Se miene dan bgl. dat se au-pair of fotomodel wurde sille, mar as se ienris op 'e bestimming oankommen binne, wurde se ynstee twongen om yn 'e prostitúsje te wurkjen. Twongen prostitúsje is yn frijwol alle lannen yllegaal. As it yn oarlochssitewaasjes bart, kin it ûnder de misdieden tsjin de minsklikheid falle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |