Knowledge Base Wiki

Search for LIMS content across all our Wiki Knowledge Bases.

Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.

Pafos
Bestjoer
Lân Syprus
distrikt Pafos
Sifers
Ynwennertal 37.297 (2021)
Oerflak 18,09 km²
Hichte 72 m
Oar
Stifting 300 f.Kr.
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 47' N 32° 25' E
stedsplattegrûn.
stedsplattegrûn.
Offisjele webside
pafos.org.cy
Kaart
Pafos (Syprus)
Pafos

Pafos (Gryksk: Πάφος, Páfos) is in havenstêd yn it súdwesten fan it eilân Syprus. Ek is it de haadstêd fan it westlike distrikt mei deselde namme. De hiele argeologyske stêd is ynskreaun yn 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Pafos is te ferdielen yn Kato Paphos (Under-Pafos), dat oan 'e strannen leit en fral besocht wurdt troch toeristen, en Pano Paphos (Ktima of Boppe-Pafos, it kommersjele sintrum fan 'e stêd. De stêd wurdt it hiele jier troch fan in soad troch toeristen besocht, dy't in wichtige boarne fan ynkomsten fan 'e befolking foarmje. Tichteby leit it Troödosberchtme, dat ryk is oan natoer.

Súdeast fan 'e stêd leit in ynternasjonaal fleanfjild, dêr't charterflechten op fleane. De haven fan Pafos hat fral in grutte betsjutting foar it toerisme.

Skiednis

Wat hjoed-de-dei Palea Paphos hjit (Gryksk foar âld-Pafos) is gjin diel fan 'e stêd sels, mar it plak dêr't de ruïnes fan 'e âlde stêd fûn binne, tichteby it doarp Kouklia. De Fenisyske goadinne Astarte soe yn dy stêd oanbean wêze en mooglik is dy stêd troch Myseners of Fenisiërs stifte. Eins bestie it hjoeddeiske Pafos (Nea Paphos), dat net fier fan Palea Paphos ôf lei, ek al yn âlde tiden.

Yn it Hellenistyske tiidrek hat Pafos foar in hiel skoft de haadstêd fan it eilân west, yn it plak fan Salamis, de eardere haadstêd.

Pylder fan Sint-Paulus, wêrfan't oannommen wurdt dat dat it plak is, dêr't Paulus gisele waard.

Neffens it bibelboek Hannelingen fan 'e Apostels reizgen Barnabas en Saulus fan Tarsus, nei't se yn Salamis lannen, by de hiele súdkust fan it eilân lâns om it Wurd fan God yn 'e synagoges te ferkundigjen, oant se lang om let yn Pafos oankamen. Dêr bekearden hja Sergius Paulus, de Romeinske prokonsul, nei't Saulus de joadske tsjoender Elymas bestrafte. Sûnt Pafos wurdt yn Hannelingen de Latynske namme 'Paulus' foar Saulus brûkt.

Pafos ferlear letter stadichoan syn belang as bestjoerlik sintrum, benammen nei de stifting fan Nikosia. Yn 'e midsiuwen en yn 'e tiid fan 'e Ottomaanske besetting rekke de stêd fierder yn it neigean, mei't Nikosia en de havenstêd Larnaka jimmeroan belangriker waarden. Ek yn 'e hiele Britske koloaniale tiid ferlear de stêd in soad fan syn ynwenners oan Limassol, Nikosia en it bûtenlân. De stêd en it distrikt Pafos bleaunen oant 1974 it meast ûnderûntwikkele diel fan it eilân.

Nei de Turkske ynvaazje fan Syprus yn 1974 wie der rappe ekonomyske aktiviteit op alle mêden, benammen it toerisme yn it Kato Pafos-gebiet. It regear ynvestearre in soad yn 'e yrrigaasje, ynfrastruktuer en de oanlis fan in lofthaven, it twadde ynternasjonale fleanfjild fan Syprus. Tsjintwurdich is Pafos in populêre toeristyske trekpleister mei in fiskerijhaven.

Ekonomy

De ekonomy fan Pafos is sterk ôfhinklik fan toerisme en in grut part fan 'e befolking wurket yn dy sektor. De lânbou, benammen de tylt fan bananen, druven en tabak, draacht belangryk by oan 'e ekonomy fan Pafos.

It besjen wurdich

It Argeologyske Park Pafos omfiemet it grutste part fan 'e âlde Grykske en Romeinske stêd en is fanwegen de ruïnes in lokaasje fan it UNESCO-wrâlderfgoed.

De argeologyske stêd.

De belangrykste oerbliuwsels binne de fjouwer grutte Romeinske filla's: it Hûs fan Dionysos, it Hûs fan Orpheus, it Hûs fan Aion en it Hûs fan Theseus, allegear mei bewarre mozaykflierren. Dêrnjonken hawwe opgravings in agora (merkeplein), asklepion (sanatoarium), de Basilyk fan Panagia Limeniotissa, in teäter en in nekropolis oan it ljocht brocht, bekend as de Tombes fan 'e Keningen.

Rots fan Afrodite.

Net fier fan 'e stêd leit yn 'e see de Rots fan Afrodite (Petra tou Romiou). Neffens de leginde soe Afrodite, de goadinne fan 'e skientme, dêr út 'e weagen fan 'e see berne wêze. De namme Petra tou Romiou betsjut yn it Gryksk letterlik Rots fan 'e Romeinen. Neffens in oare legine smiet de grinswachter Digenes in grutte rots oer Syprus hinne om de Saraseenske skippen op te kearen, dy't it eilân plonderje woene. De rots dy't fanút it Troodosberchtme slingere waard, kaam telâne op it plak dêr't Afrodite berne wie.

De Frankyske Baden hearre ta de seldsume gebouwen út de Frankyske tiid dy't yn Pafos bewarre bleaun binne. De Grutte Moskee fan Pafos wie eartiids de Agia-Sofiatsjerke, dy't yn 'e Ottomaanske tiid yn in moskee feroare waard. Ut de tiid fan 'e Ottomanen datearret ek in restaurearre Turkske hamam.

Tsjerken

Agia Anargyroi.
  • Agia Marina-tsjerke
  • Agioi Anargyroi-tsjerke
  • Agios Georgios-tsjerke
  • Agios-Teodoroskatedraal
  • Agios Antonios-tsjerke
  • Agios Kendeastsjerke
  • Agia Kyriakitsjerke
  • Agia Solomoni-kapel (ûnderdiel fan 'e katakomben)
  • Panagia Chryseleoussatsjerke
  • Panagia Theoskepastitsjerke

Likernôch 15 km noardeast fan Pafos leit it Neofytoskleaster (Gryksk: Ιερά Μονή Αγίου Νεοφύτου), ien fan 'e meast bekende kleasters fan Syprus dat troch de 12e-iuwske muonts Neofytos stifte is. It kleaster is hjoed-de-dei in museu.

Musea

Argeologysk Museum.

Ferkear

Pafos hat de twadde lofthaven fan Syprus. Der is gjin spoar op it eilân en it iepenbier ferfier giet mei de bus.

Berne

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar referinsjes en/of boarnen op en:Paphos