Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | Meksiko-Stêd | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
1.972.550 km² 2,3% | ||||
Ynwenners (2005) | 106.202.903 | ||||
Munt | Meksikaanske peso (MXN) | ||||
Tiidsône | UTC -6 oant -8 | ||||
Nasjonale feestdei | 16 septimber | ||||
Lânkoade | MEX | ||||
Ynternet | .mx | ||||
Tillefoan | 52 |
Meksiko, offisjeel de Feriene Meksikaanske Steaten (Spaansk: Estados Unidos Mexicanos) is in lân yn Noard-Amearika.
Meksiko wurdt begrinze troch:
Der hearre ek wat eilannen by Meksiko.
Meksiko leit yn it suden fan Noard-Amearika en it suden wurdt betiden ta Sintraal-Amearika rekkene. It lân strekt him mear as trijetûzen kilometer fan it noardwesten oant it súdwesten út. Yn it noarden is Meksiko twatûzen kilometer breed, op syn smelst (Lâningte fan Tehuantepek) is dat likernôch 220 kilometer. Meksio leit tusken de Grutte Oseaan oan de iene kant en de Golf fan Meksiko en Karibyske See oan de oare kant. Meksiko hat twa opfallende skiereilannen: Yucatán en Neder-Kalifornje. Eilannen by't by Meksiko heare binne Guadalûp en de Revillagigedo-eilannen yn de Grutte Oseaan en Kozumel yn de Karibyske See.
Utsein Yucatán is Meksiko in bercheftich lân, mei as wichtichste massyf it út trije parten besteande Sierra Madre, dy't as in part fan de Rocky Mountains beskôge wurde kin. Yn it midden fan Meksiko lizze in oantal fulkanen, dêr't de Popokatépetl de bekendste fan is. It heechste punt is de Pico de Orizaba (5650m), dat ek in fulkaan is. De grutste rivieren binne de Río Bravo (yn de Feriene Steaten bekend as Rio Grande), de Lerma, de Balsas, de Pánuco, de Usumasinta en de Yakwui.
It klimaat fan Meksiko rint útien fan woastynklimaat yn it noarden oant tropysk reinwâldklimaat yn it suden en berchklimaat yn de midden.
It gebiet fan it tsjintwurdige Meksiko hat bloeiende beskavingen kind (Tolteken, Maya, Azteken). Yn 1519 fersloech de Spaanske konkwistator Cortez de Atzeten en oermastere harren ryk. De Spanjerts stiften yn de nije wrâld in koloanje Nij-Spanje dat Meksiko, Sintraal-Amearika, West-Ynje en Fenezuela omfieme. Allinnich mei it memmelân Spanje mocht hannel dreaun wurde.
Begjin 19e iuw kamen de kreoalen ûnder lieding fan de prysters Hidalgo en Morelos yn opstân. Yn 1819 rôpen de blanke kolonisten de ûnôfhinklikens fan Meksiko út. Spanje stjoerde generaal Iturbide nei it noarden om de opstân del te slaan. By oankomst ferklearre dy him tsjin Spanje en liet himsels ta keizer kroanen. Generaal Antonio López de Santa Ana brocht him yn 1823 te fal, dêr't in tiidrek fan politike gaos op folge dy't oan 1857 ta duorre. Yn dy tiid waarden minstens 250 steatsgrepen plige. Doe't Teksas, dat har yn 1836 fan Meksiko ôfskieden hie, har oansluet by de Feriene Steaten, bruts in kriich tusken Meksiko en de Feriene Steaten út, dy't troch Meksiko ferlern waard. It rekke Nij Meksiko, Arizona, Utah en Kalifornje kwyt.
Yn 1863 stjoerde de Frânske keizer Napoleon III in grut leger nei Meksiko dy't de haadstêd binnen lutsen. De Konservativen beanen dêrop de keizerskroan oan aartshartoch Maksimilaan fan Eastenryk. Nei syn fal yn 1867 waard Juárez dy't earder oan de macht wêst hie, wer presidint. Yn 1876 kaam Porfirio Diaz oan de macht. Hy regear'de mei in ûnderbrekking fan 1880 oant 1884 as konservatyf diktator.
Yn 1911 sette in nasjonale revolúsje útein dy't in ein meitsje woe oan de macht fan bûtenlânske konserns, de tsjerke en grutgrûnbesitters. De jierren dy't dêrop (1911-1920) folgen wienen tige woelich. Yn dy tiid kamen de Feriene Steaten twa kear wapjend tuskenbeide. Troch lettere opienfolgjende presidinten waard de nasjonale revolúsje trochsetten. Under Callas bruts in skerp konflikt út mei de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 1926 en presidint Cárenas beslute yn 1938 ta nasjonalisaasje fan alle Amerikaanske en Britske oaljemaatskippijen.
Meksiko ferklearre yn 1942 de oarloch oan Dútslân en Japan. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der foar it earst wêr in sivile presidint oan de macht. Sûnt dy tiid beskikt it lân feitlik oer in liede demokrasy en is de tradysje groeid dat in sintrum-linkse en sintrum-rjochtse fertsjintwurdiger fan de regearingspartij PRI elkoar as presidint ôfwikselje.
It grutste part fan de befolking (goed 70%) bestiet tsjintwurdich út Mestizos; ôfstammelingen fan blanke Spaanske kolonisten en de oarspronklike Yndianen, 12% is Yndiaansk en 15% binne blanken. De blanken hawwe noch altyd in net-evenredich oerwicht yn wolfeart en politike ynfloed. De oerige pear prosint wurde ynnommen troch Afro-Meksikanen, Arabyske Meksikanen en Aziaten.
Om-ende-by 90% fan de befolking hat it Spaansk as memmetaal, en wurdt troch 97% fan de Meksikanen ferstean, dêrtroch is it lân it grutste Spaansktalige lân fan de wrâld. It Spaansk is de offisjele lânstaal, mar wykt wat útspraak en wurdskat oangiet wat ôf fan it Spaansk dat yn Spanje sprutsen wurdt. Ek binne der lokale ferskillen. It Spaansk fan de kuststreken wurdt ta it Karibysk Spaansk rekkene.
In minderheid, 7,1% fan de befolking hat in yndiaanske taal as memmetaal. Troch de Meksikaanske oerheid wurde 62 ynhiemse talen as 'nasjonale talen' erkend, dy't yn it gebiet dêr't sy sprutsen wurde deselde jildichheid hawwe as it Spaansk. Fan dizze yndiaanske talen binne it Nahuatl mei 1,5 miljoen sprekkers, it Yucateeks Maya mei 800.000, it Mixkseeksk en Zapoteeksk mei elk 500.000 en it Tzeltal mei 350.000 sprekkers it grutst.
It meastepart fan de Meksikaanske befolking, 95,2% beskôget himsels as Kristen. De Roomsk-Katolike Tsjerke is mei 88% fan de totale befolking it grutste kristlike leauwen. Lykwols nimt it oantal leauwenden yn rap tempo ôf, want de helte fan de Meksikaanske katoliken giet geregeld nei tsjerke.
De tichtbefolke gebieten fan Meksiko binne it sintrale heechlân, dêr't de measte stêden lizze, it noardeasten en de steedlike gebieten oan de Amerikaanske grins. De súdlike reinwâlden, de noardlike woastyngebieten en it skiereilân Neder-Kalifornje binne it tinstbefolke.
Mexikso-stêd is mei ôfstân de grutste stêd fan it lân, mei 8,5 miljoen ynwenners yn it Federaal Distrikt, en 22 miljoen yn de agglomeraasje Meksiko-stêd. Op Tokio nei is it it meast befolke steedlike gebiet fan de wrâld. Oare agglomeraasjes mei mear as in miljoen ynwenners yn Meksiko binne Guadalajara, Monterrey, Puebla, Toluka, Tijuana, León, Ciudad Juárez, La Laguna en San Luis Potosí. Yn totaal wennet 76,5% fan de befolking yn stêden of steedike gebieten.
Meksiko hat 31 dielsteaten:
|