Knowledge Base Wiki

Search for LIMS content across all our Wiki Knowledge Bases.

Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.

Matthew Arnold
Arnold's gravestone
Arnold syn grêf by All Saints Church, Laleham, Surrey

Matthew Arnold (Laleham-on-Thames (Middlesex, Londen) 24 desimber 1822Liverpool 15 april 1888) wie in Ingelsk dichter, literatuerkritikus, ûnderwizer en skoalynspekteur.

Hy wie in soan fan Thomas Arnold, ferneamd skoalhaad fan de Rugby School, en in broer fan perfester yn de literatuer Tom Arnold en William Delafield Arnold, romanskriuwer en koloanjaal bestjoerder.

Yn de jierren 1847-1851 wie er skoalynspekteur. Yn 1849 publisearre er syn earste gedichtebondel. Yn 1851 boaske er oan Frances Lucy Wightman. Sy krigen seis bern, fan wa't trije op jonge jierren stoaren.

Yn 1857 waard er professor in de poëzy oan de Universiteit fan Oxford.

Bekend wurk

  • Dover Beach, in koart gedicht oer it Nau fan Kalês.
  • The Scholar Gipsy, in gedicht basearre op in ferhaal fan Joseph Glanvill.
  • Thyrsis, gedicht út 1865, ta oantins fan de dichter Arthur Hugh Clough, syn freon.
  • Culture and Anarchy in bondel essays dy't yn 1869 as boek útbrocht waard.
  • Literature and Dogma, in kritysk essay oer religy, 1873
  • Ut The river helle de komponist Frank Bridge de tekst foar syn liet My pent-up tears oppress my brain , Longing waard troch Bridge útjûn as Come to me in my dreams.