Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Konakry | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | Guineeske frank (GNF) | ||||
Tiidsône | UTC +0 | ||||
Nasjonale feestdei | 2 oktober | ||||
Lânkoade | RG | ||||
Ynternet | .gn | ||||
Tillefoan | 224 |
Guinee is in lân yn West-Afrika. De haadstêd is Konakry.
Guinee wurdt begrinzge troch:
Guinee hat de foarm fan in brede bôge. Fan de Golf fan Guinee, dêr't lân in kustline fan 320 km mei hat, strekt it lân him út nei it noarden ta en fan dêrôf nei it easten en súdeasten. By de kust is it lân sawat flak en rint dan fuort omheech nei in maksimum 1500 meter hichte, de heechflakte fan Fouta Djalon, dat it boarnegebiet is fan de rivieren Senegal, Niger en Gambia. Yn eastlike rjochting wurdt it bercheftich gebiet flakker. De heechste pyk is Mont Nimba (1752 meter).
It kustgebiet is sompich wylst yn it noardeasten de savanne oerhearsket en yn it súdeasten it tropysk reinwâld.
It folk fan de Fulbe, in nomadefolk fan hoeders, bea iuwenlang mei sukses tsjinstân oan de machtige riken fan Gana en Maly yn Guinee. Ein 19e iuw waard it gebiet in Frânske koloanje en makke diel út fan Frânsk West-Afrika. Nei de ûnôfhinklikens yn 1958 waard in ienpartijstelsel ynfier mei Sekou Touré as presidint, dat yn 1984 ûngedien makke waard troch in militêre kûp. Hy waard opfolge troch Lansana Conté, generaal fan it leger. De nije republikeinske grûnwet fan 1991 late yn 1993 ta de earste demokratyske ferkiezings. Sûnt 2006 waard de macht fan Conté bedrige troch stakings en opstannen.
Op 23 desimber 2008, ien dei nei de dea fan presidint Conté, naam it leger op 'e de macht troch middel fan in steatsgreep. Kapitein Moussa Dadis Camara ferkleare him de dei dernei presidint.
Der wenje nei skatting goed 10 miljoen minsken yn Guinee, de befolking omfiemet ûngefear 24 etnyske kloften. De grutste binne de Fulbe of Fula (40%), de Mandinka of Mandingo n it easten (30%) en de Sûsû yn it westen (20%).
De offisjele taal fan it lân is Frânsk, mar alle etnyske kloften praten harren eigen taal.
Goed 85% fan de befolking is moslim (soenniten), 10% is kristen (benammen Roomsk-katolyk) en 5% is Animist (natoergodstjinsten).