Type a search term to find related articles by LIMS subject matter experts gathered from the most trusted and dynamic collaboration tools in the laboratory informatics industry.
Aktivisme is it krewearjen om feroaring te bewurkmasterjen of tsjin te hâlden op sosjaal, polityk of ekonomysk terrein of op it mêd fan 'e miljeubeskerming. It doel dêrfan is yn 'e regel om ferbetterings oan te bringen yn 'e maatskippij en sosjaal ûnrjocht oan 'e kaak te stellen.
Foarmen fan aktivisme kinne wêze:
In ekstreme foarm fan aktivisme dy't wolris foarkomt, is dat aktivisten harsels yn 'e brân stekke en op dy wize yn it iepenbier selsmoard dogge om har miening kenber te meitsjen en oandacht te freegjen foar harren saak. Ek beskate foarmen fan keunst kinne in utering fan aktivisme wêze, lykas graffity of protestlieten. Hjoed de dei spylje de sosjale media in almar grutter wurdende rol by it organisearjen fan aktivisme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |